Fegebart

De band Fegebart ûntstiet as twa Friezen om utens elkoar yn coronatiid opnij fine. Jierren lang spilen se al mei elkoar yn bands, mar no wurkje se oan muzyk yn harren memmetaal. Indiepoprock mei in folky touch en hjir en dêr in dwerse ‘touch’ is wat de muzyk omskriuwt. De teksten lykje oer ‘it gewoane’ te gean, mar mei harren leafde foar taal dy’t yn alles trochklinkt wurdt dat just bysûnder.

Fegebart - Tseard Deadogger