Sample Text

Pieter Zijlstra fan Koudum is it brein efter Sample Text. De leafhawwer fan rapmuzyk fûn it spitich dat der hast gjin Frysktalige nûmers yn it sjenre binne en gong dêrom sels oan it wurk. Mei syn muzyk wol er fermeitsje en soms ynformearje, mar boppe-al in nije generaasje entûsjast meitsje foar Fryske hiphop.

Sample Text - Underfining