Finale Frysk sjongfestival Liet 19 septimber

Yn de finale fan it  Frysk sjongfestival Liet 2024 steane acht gloednije akts. Dêrneist sille de winner fan de finale Liet 2023, Melissa Pander en oanstjoarmjend talint Steyn Land, optrede. Wy meie mei rjocht sizze: twa akts fan twa bysûnder talintfolle jonge Fryske artysten!

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier hâlden op tongersdei 19 septimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert,  dizze kear ek wer mei in live-útstjoering op Omrop Fryslân. De live-útstjoering begjint om 19.30 oere.

Melissa Pander iepenet de finale mei har winnende liet fan 2023: Foarby. Dêrneist bringt se har gloednije song: Water bij de wijn, op it poadium. Se lit har begeliede troch har fêste band. Steyn Land sil mei syn Skroat, de seal op’e kop sette!

De finalisten binne dit jier: André van der Weide, Elise Westerhof, Pietrik & Trynke, Lotte & Berend, Fegebart, Albert Meijer, Haitze F. De Vries en Hannah Hoogsteen.

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS