Dit binne de finalisten fan Frysk sjongfestival Liet 2024

De acht artysten dy’t op 19 septimber yn de finale fan it Frysktalige sjongfestival Liet steane, binne bekend. Se binne keazen troch de seleksjesjuery en troch stimmen fan it publyk, dat online ien wildcard foar de finale fuortjaan koe. Der is massaal stimd, it Fryske liet libbet yn Fryslân!

De artysten dy’t op 19 septimber yn Neushoorn sjonge en spylje meie, binne Lotte & Berend, Haitze F. de Vries, Hannah Hoogsteen, Elise Westerhof, Fegebart, André van der Weide, Albert Meijer en Pietrik & Trynke.

Klik hjir foar harren filmkes.

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS