24 septimber Foarspylrûntsje Liet 2017

Yn tsjinstelling ta eardere edysjes organisearje wy op 24 septimber 2017 in foarspylrûntsje foar de finalisten fan Liet. Dit betsjut dat alle dielnimmers oan dizze middei de earste seleksje oerlibbe ha. Wêrom dogge wy dit no sa? Takom jier wurdt in wichtich kultureel jier, mei fansels ek in wat grutter poadium foar Liet International yn Ljouwert. Dêr hoopje wy in grut tal artysten út in soad oare Europeeske lannen mei in minderheidstaal te ferwolkomjen. Om de winner fan Liet 2017 in hiel moai optreden te jaan op dat festival, wolle wy fan Liet út sa folle mooglik stipe oanbiede.

Wy fine talintûntwikkeling wichtich en dêrom sille ús sjueryleden Jan Tekstra, Sjouke Nauta en Ruben Mulder op 24 septimber sa folle mooglik advizen en tips oan de dielnimmers meijaan. Op 10 desimber stride de 9 akts dan om de haadpriis fan Liet en om in plakje op it haadpoadium fan Liet International 2018 XXL (23 maaie 2018).

Wannear: snein 24 septimber
Wêr: Neushoorn
Hoe let: seal iepen 13.30, oanfang 14.00
Tagong: fergees