Adri de Boer wint LIET 2021; tekstpriis giet nei Sequens

Adri de Boer hat woansdei it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de sân finalisten krige hy de measte punten fan sjuery en publyk.

It nûmer wêrmei’t De Boer wûn, hjit ‘Bliuw mar by my’. “Ik stean in bytsje perpleks”, seit de sjonger dy’t yn 2001 ek alris wûn. “It is no in hiel oar format as tweintich jier lyn. It wie moai om it sa te dwaan.”

De faksjuery wie ûnder de yndruk fan De Boer syn rêst en kontrôle, al moast de sjonger sels tajaan dat it sa net fielde op it poadium. “Het liedje bestond uit slechts een paar akkoorden”, sei sjueryfoarsitter Nick Veenstra. “Maar weglaten is ook een kunst.”

De Boer is takom jier de Fryske ôffeardiging op Liet International, dat yn maaie 2022 holden wurdt yn Tønder (Denemarken).

De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gong nei Sequens mei ‘De omslach’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. Sigrid Kingma fan de sjuery: “De winnende tekst stekt fier boppe de oaren út, kwa ynhâld en taalgebrûk.”

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn wie foar de twadde edysje op rige sûnder publyk. Ferline jier waard Liet earst fjouwer moannen útsteld, mar doe koe der noch hieltyd gjin publyk by wêze. Nei de nij oankundige maatregels fan ôfrûne freed hat de organisaasje besletten om it diskear trochgean te litten.

Njonken de sân finalisten wienen der optredens fan twa bysûndere crossover-duo’s, dy’t har nagelnije komposysjes foar it earst útfierden. Dy duo’s bestienen út Ginge & Faske en Willie Darktrousers & Marije de Vries.

© Foto: Piet Douma