Bron

Bron is in band út Grins dy’t Nederlânsk- en Frysktalige popferskes makket. De band wurdt op tekstueel en muzikaal mêd ynspirearre troch artysten lykas Ludovico Einaudi, Bløf, Van Dik Hout, Eefje de Visser, HAEVN en Kings of Leon. De teksten geane oer eigen ûnderfiningen, langstmen en ynsichten. Bron bestiet út Ayala Wibrich Kooistra (sang) en Emile van Doorn (piano). Op Liet spilet de band it nûmer ‘Lytse stoarm’, dat earder dit jier as B-kant ferskynde op in single.