Bron – dielnimmer 2021

Bron is in band út Grins dy’t Nederlânsk- en Frysktalige popferskes makket. De band wurdt op tekstueel en muzikaal mêd ynspirearre troch artysten lykas Ludovico Einaudi, Bløf, Van Dik Hout, Eefje de Visser, HAEVN en Kings of Leon. De teksten geane oer eigen ûnderfiningen, langstmen en ynsichten. Bron bestiet út Ayala Wibrich Kooistra (sang) en Emile van Doorn (piano). Op Liet spile de band it nûmer ‘Lytse stoarm’, dat yn 2021 as B-kant ferskynde op in single.

Bron - Lytse stoarm
Bron - Lytse stoarm

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS