Fisk & the Stereo Machine

Fisk & the Stereo Machine is oprjochte yn de maitiid fan 2018.  De persoan efter Fisk is singer-songwriter Fokko-Jan van der Ploeg út Ljouwert (sjonger, gitarist). The Stereo Masjine bestiet út: Jaap Faber út Dokkum (bassist), Dennis Bok fan De Gordyk (drummer, perkusjonist) en Hans Drenth út Drachten (gitarist, sjonger).

Yn ’e maitiid fan 2018 waard al ridlik gau yn eigen behear it earste nûmer opnaam: “Yn Ús Hert”.  It nûmer waard oppikt troch ferskate Fryske radiostjoerders. Begjin 2019 waard in nij nûmer útbrocht: “De wolf is Werom”, hjir is ek in fideoclip by makke.

Nei in pear optredens en in live optreden yn it muzykprogramma “Noardewyn Live” fan Omrop Fryslân, besleat de band om fierder te gean op ’e Fryske toer.

Yn augustus is it nûmer “Nim My Mei” útbrocht en yn novimber docht de band mei oan Liet 2019 mei it nûmer “Magneet”.