J.A.N.

J.A.N. is it projekt fan sjonger-songwriter Jan Hoekstra. Jan is al fan jongs ôf oan dwaande mei it meitsjen fan muzyk. Earst makke er muzyk mei syn famyljeleden, letter yn ferskillende bands (û.o. Pledget en de Beugelband). Underwylst waard er ek frege foar muzyk- en teaterprojekten.

Al gau kaam de oandriuw om ek eigen wurk te meitsjen. Earst yn it Ingelsk, letter yn it Hollânsk, mar úteinlik yn it Frysk. Dy omslach kaam trochdat hy, mei de band Yldau, it Frysk sjongfestival Liet wûn yn 2012.

Underwylst lizze der aardich wat ferskes klear. Dit binne sfearfolle ferskes mei soms persoanlike teksen, hjir en dêr stof om oer nei te tinken en ek noch wol ris in lytse knypeach. Ien fan dy nûmers is ‘Heger’. Mei dit nûmer stiet er dit jier yn ‘e finale fan Liet 2019.

Syn oare ferskes nimt Jan mei nei syn optredens. Jan en syn band, besteande út drummer Pieter Feenstra, toetsenist Paul van Dijk en suskes Marije en Yldau Hoekstra op bas en eftergrûnsang, dûke al op aardich wat poadia op. Soms komt Jan ek allinnich. Gewoan in man mei in gitaar. Dan komt er soms hiel tichteby, sa tichteby dat it gewoane bysûnder wurdt.