Melissa Pander – Winner Liet 2023

Melissa is in sjongeres dy’t begeliede wurdt troch in 6-koppige band. In drummer, in bassist, in pianist, twa backing vocals en Melissa sels as lead vocal en akoestysk gitaar. De band is ûntstien troch it eksamenkonsert fan de oplieding oan D’Drive yn 2023. Sûnt dy tiid begeliede hja Melissa by har optredens.Neist optredens en it skriuwen fan muzyk jout Melissa muzykles op de muzykskoalle Elzer Educatie yn Drachten.

Melissa waard finalist yn de Liet edysje fan 2023. Se wûn mei har ferske ‘Foarby’. Nei in ‘zinderende’ finale mocht hja de felbegearde trofee en de priis (in profesjonele opname troch Omrop Fryslân en Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio songfestival yn Utrecht én Liet International 2024 op Corsica) yn ûntfangst nimme.

‘Foarby’ giet oer in famke dat in leuke jonge tsjin komt op in feest en dat sa moai fynt, dat se wol dat dat gefoel noait mear oer giet. Se skriuwt ferskes oer har eigen libben. Ynspiraasje fynt se by artysten as Snelle, Meau, Bente en Acda en de Munnik. Elske de Wall is har grutte foarbyld.

Foarby
Foarby

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS