Deun van Seun – winner tekstpriis 2023

Deun van Seun bestiet út Jankobus Seunnenga – sang, gitaar, banjo en ukulele, Julian Dijkstra – gitaar, banjo en sang, Sander Veldman-ritmyske wûnders op fan alles (wêrûnder ek de sang).

Deun van Seun is in semi-akoestysk 3-koppich orkest, dat op in protte plakken ynsetber is: Jo wenkeamer, de lokale kroech, doarpshuzen, festivals, ensfh. Hja spilen û.o. al op Lowlands, Paaspop, it Veenhoop-festival en 3e Keesdag yn Tivoli Vredenburg. It repertoire bestiet út eigen lieten, stampjende country, âld-Hollânske krakers, lietsjes yn ut Liwwadders en wat al net mear. It binne ferskes dy’t in taljochting jouwe op it ierdske bestean: oer leafde, dea en it kuorbaljen. Koartsein, Deun van Seun nimt jo mei nei hegere regioanen (ek yn ‘e takomst!). Neist in cd, hat Deun van Seun ek in tal prachtige, humoristyske klips makke, wêrûnder ‘Blizkrieg Bop’, ‘Kokosmacarona’, en ‘Lief laat ons…’ Oait spile Jankobus by de, neffens muzykkrante Oor, bêste punkpopband yn Nederlân, Kobus gaat naar Appelscha’ en it mafste A.D.H.D.-duo ‘Pigmeat’. Jankobus wûn yn 2022 de Ina Dammanprijs en kaam itselde jier mei de dichtbondel (mei cd) ‘Slijpsteen’. Lust For Life Magazine: Dit is ‘muziek op het snijvlak van folk en kleinkunst’, brocht troch in man dy’t seker ta de meast oarspronkelike talinten fan de Fryske muzykwrâld rekkene wurde mei.****

Deun van Seun wist yn de finale fan Liet 2023 de Gryt van Duinen-tekstpriis yn ‘e wacht te slepen mei it liet: ‘Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?!’ Wêr giet it liet oer: Jankobus: ‘it beskriuwt eksakt de autorit fan myn foarige hûs yn Ljouwert (Aggemastate) nei Dokkum mei alle tûkelteammen deryn ferwurke, û.o. ‘bedrempelde dorpkes’ en in  losrinnende ko by Rinsumageast, dy’t nei alle gedachten ek ûnderweis wie nei Dokkum, mar dochs ergens oars einiget yn Dokkum as de bedoeling wie.’

Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?!
Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?!

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS