Grymtosk – dielnimmer 2023

Hille en Dirk-Lennart meitsje sûnt in pear jier country &blues-achtige ferskes. Se binne al jierren freonen, mar binne noch mar koartlyn de gearwurking op it mêd fan de muzyk oangien. De namme Grymtosk is in âld Frysk wurd foar de dea of dat wat minsken (dea)benaud makket.

Yn it deistich libben is Hille learaar Ingelsk. It liet ‘Mei myn maten yn ‘e hel’(Liet 2023), fertelt it ferhaal oer kening Redbad. Flak foardat Redbad doopt wurdt, freget hy oan misjonaris Wulfram: ‘Al myn foarâlders en freonen binne net doopt, wêr binne hja dan nei harren dea?’ Wulfram antwurdet dat hja dan yn de hel binne. Redbad beslút dan ‘ter plekke’ om him net dope te litten. Hy giet leaver mei syn maten nei de hel!

Little Feat, The Band, Jim Croce en Bob Dylan binne foarbylden foar Hille en Dirk-Lennart op muzikaal mêd. De bêste Fryske artyst of band fine sy Marcel Smit en de Hûnekop.

Grymtosk - Mei myn maten yn'e hel
Grymtosk - Mei myn maten yn'e hel

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS