Bone of Contention – dielnimmer 2023

Bone of Contention bestiet út 5 persoanen: Hilbrand vd Woude drums, Christiaan Beers bas gitaar, Hermann Engelmann slach gitaar, Jeroen Jeeninga solo gitaar, Mark Jeeninga sang.

Hermann, Jeroen en Christiaan spylje al sa’n 10 jier mei-inoar yn de band Senserium. Covers, meast ynstrumintale nûmers, guon mei sang fan Christiaan. Jeroen wie as muzikale wizkid dêrneist ek dwaande mei it opnimmen en bewurkjen fan muzyk, hie ideeën foar syn eigen nûmers en wurke dêr oan. Doe’t Jeroen yn 2022 by in oare (dus 2e) coverband (Armada) kaam, moete hy dêr in goede drummer (Hilbrand). Ein ferline jier hat Jeroen Hermann oan Christiaan en Hilbrand foarsteld om mei in nije band te begjinnen, dêrmei allinnich oan syn eigen nûmers te wurkjen, dêrby bystien troch Mark (de broer fan Jeroen) as sjonger. Se hoegden der net lang oer nei te tinken, en sa is begjin 2023 Bone of Contention ûntstean.

Yn it deistich libben is Hilbrand vd Woude sjauffeur, Christiaan Beers Nurse practitioner/ferpleechkundich spesjalist, Hermann Engelmann soarchmeiwurker, Jeroen Jeeninga magazynmeiwurker en Mark Jeeninga wiskundige.

‘Ljocht is fuort’ (Liet 2023) is it earste nûmer dêr’t Bone of Contention oan wurke hat. De muzyk is skreaun troch Jeroen en Mark hat der in Ingelske tekst foar skreaun. De Fryske tekst komt fan Christiaan. 

It is gjin oersetting fan de Ingelske tekst en hat ek in oar ûnderwerp, mar it is der yn guon opsichten tichtby bleaun. Se ha it dus tegearre skreaun. It liet giet oer de reaksje op in ynienen heftich driigjend barren, wêrby ‘t men refleksyf yn survival modus sjit. Tink oan de ierdbevings yn Turkije en Marokko, of de oarloch yn Oekraïne as der ynienen helikopters oerfleane en bommen falle litte. Mar ek oan it pear, dat by de dokter komt wêrby ‘t oan ien fan beide de resultaten fan in maligne, in net te genêzen tastân jûn wurdt. Alles dêr’t se oant dat momint ta wis fan wiene, falt ynienen fuort, de grûn sakket ûnder harren wei. Allinnich fjochtsje, flechtsje of befrieze bliuwt oer. Op sokke mominten liket it libben dien.

De muzyksmaak is aardich breed. Se hâlde bygelyks fan metal, hardrock, progressive rock. Bands lykas Metallica, Megadeth, Saxon, Pink Floyd, Iron maiden en mear.

 

Bone of Contention - Ljocht is fuort
Bone of Contention - Ljocht is fuort

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS