Samar Watt- dielnimmer 2023

Samar Watt is in band út Minnertsgea en Berltsum.

Sjaak, Willem en Nico ha eartiids yn’e band ‘Let Op’ sitten en woene wer ris in kear muzyk mei-inoar meitsje. Yn it begjin wat covers, mar al gau mei eigen nûmers. Sa no en dan nimme hja in nûmer op. Sjaak hat ûndertusken in lytse studio en in prachtige oefenromte yn Minnertsgea.

Nico Sinnema: Genietet no fan syn pensjoen, mar hat altyd haadútfierder west yn ‘e Bou
Sjaak Weiland: Allround útfierder bij Lont BV
Willem Kemper: Meiwurker ynkommen en soarch by de gemeente Ljouwert
Peter Sinnema: Dosint Leisure & Events Management by NHL Stenden

Coaches(Liet 2023) giet oer de hunderttûzenen coaches dy’t der tsjintwurdich binne. Se jouwe gauris tips oer saken dy’t se sels ek net sa goed blike te kinnen. Mar dan binne der ek wer coaches foar de coaches, en dat binne de ûnderfiningsdeskundigen. Dêr is alles hielendal mis gien en dy meie no fertelle hoe ‘t  it wól moat. In bytsje ‘kleinkunst’, mei in knypeach dus.

Troch it leeftydsferskil giet it fan Bob Dylan, nei Ed Sheeran, fan De Dijk en Acda en de Munnik, nei The Beatles en fan Douwe Bob nei Johny Cash.

Samar Watt - Coaches
Samar Watt - Coaches

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS