De Mann’- dielnimmer 2023

Lang lyn sieten Freerk Siemen Hospes, Johannes Hospes en Durk Sybesma op de Pabo yn Ljouwert. Gauris ompiele yn in muzyklokaal, en sa is de band Stonecrobs (bryk Ingelsk, krekt sa as de teksten) ûntstien. Efkes letter is Bruno Rummler derby kommen. Earst benammen yn it Ingelsk, mar nei it meidwaan en winnen fan Liet 2018 mei ús earste Fryske ferske, is de namme feroare yn De MANN’. Sûnt dy tiid meitsje sy muzyk yn it Frysk, it binne Fryske popferskes.

Yn it deistich libben binne de mannen fan De MANN’ muzikant/trûbadoer, jongerein-muzykteatermakker, skoalmaster, jongereinwurker, heit.

Ynspiraasjeboarne foar it liet(Liet 2023) ‘Mei dy’ is it libben. It liet giet oer dysels kwytreitsje, dysels ferlieze yn in oar. Net mear witte wa’tst sels bist, nei in lange tiid ferbûn te wêzen mei in oar. Troch datsto dysels kwytrekke bist, hâldt de relaasje gjin stân. Asto de oare dan letter wer tsjinkomst, fynst dysels net wer werom, en witst datst it net mear byinoar sykje moatst, mar by dysels.

Favorite artyst fan De MANN’ is Stef Bos, Venice.

Yn 2018 wûnen de MANN’, ûnder de namme Stonecrobs, it Frysk Sjongfestival LIET mei it nûmer ‘Yn frijheid kinsto libje’ .

De Mann' - Mei dy
De Mann' - Mei dy

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS