Volk!! – dielnimmer 2023/ winner tekstpriis 2019

Volk!! Makket folkmuzyk sûnder grinzen. Teater, chansons, Tom Waits, tango, klezmer, 5-kwarts maat, alles fynt syn plak yn de muzyk fan Volk!!. De band is 10 jier lyn ûntstien op de Stasjonswei yn Grou. Hast alle leden fan de band wennen yn dy strjitte. Volk!! is al jierren ien fan de fêste akts fan de finale fan Liet en de band hat yn 2019 de tekstpriis wûn. 

Ferskate bandleden wurkje yn de soarch. Der sitte wat boufakkers by en ien is kompjûter-nerd. De lêste wurket yn it teater.

Dûnsje giet net oer dûnsjen! Manlju wolle hielendal net dûnsje en dûnsje is ek net stoer. Wêr it dan wol oer giet? Dêr ‘t eins alle ferskes oer gean fansels!

De favorite artyst fan de band is: Ben Caplan. In Kanadees mei in grut burd en in stim as Tom Waits. Fryske artysten as Reboelje! en Piter Wilkens binne ek favoryt.

 

Volk! - Dûnsje
Volk! - Dûnsje

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS