Adri de Boer – winner Liet 2021

Adri de Boer (1956, Surhústerfean) stiet al fan syn fyftjinde ôf op it poadium. Earst as oargelist by in gospelkoar, mar al gau dêrnei kaam er yn bands te spyljen. Yn de ôfrûne desennia hat er ek in soad solowurk dien as trûbadoer. Al sûnt 1987 sjongt De Boer yn it Frysk. Hy hat ferskate kearen finalist west fan Liet en yn 1998 , 2001 en 2021 wûn er it sjongfestival. Op Liet 2021 sjongt De Boer ‘Bliuw mar by my’. Hy wurdt dêrby begelaat troch Bernhard Holtrop op bas en Sido Post op akkordeon.

Adri de Boer - Bliuw mar by my
Adri de Boer - Bliuw mar by my

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS