Douwe Dykstra – dielnimmer 2020

Douwe Dijkstra waard grutbrocht op it plattelân fan Eastersee en hat oan muzikale ûnderfining gjin gebrek. Hy behelle syn diploma as komponist oan de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert mei de muzikale teäterfoarstelling ‘Dienst voor de broer van God’. Mei syn keunstnerskollektyf tourt er troch Nederlân en it bûtenlân. Fierder skreau er foar ferskate teäterfoarstellingen. As Douwe Dykstra rjochtet er him op it Frysktalige universum fan de popmuzyk.

Douwe Dijkstra - Wer't ik begjin en do stoppest
Douwe Dijkstra - Wer't ik begjin en do stoppest

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS