Ms T Mar Jazz – dielnimmer 2023

Ms T Mar Jazz is in melodieuze easy loungie jazz formaasje.
Troch ynfloeden fanút de pop en latino muzyk ta te foegjen oan jazz, wurdt der in hearlik relaxed sfearke kreëarre, sadat elkenien genietsje kin fan jazz muzyk sûnder dat it gau te swier wurdt. En dan ek noch yn it Frysk, dan klinkt it fansels al rap oars as oars.

Troch in gearfoeging fan talintearre muzikanten fan al besteande formaasjes en in ynfoeging fan in muzikant fan in oare band, hat de band in moaie club byinoar.  It is in hecht team en dat fielt goed. Yn it deistich libben hat de band ferskillende libbens en dingen te dwaan. Sa is de ien al mei pensjoen en de oar jout drum- of piano lessen/workshops of hat in eigen saak, dus in lekkere griemmank (mengelmoes) fan minsken.

It liet ‘Bist dan by my’ (Liet 2023)giet oer dat alles raar en oars is. Dus neat doocht. It gers is blau, in fisk dy’t fleant. Ynspiraasjeboarne is eins de hommelske slimme sykte fan de bassist fan de foarige band fan de leadsjongeres. It wie it besef datsto ‘gean’ moatst foar dyn dreamen, want do witst noait hoefolle tiid oftst noch hast. As band hawwe wy net wier in favorite artyst, wol foarbylden fan muzyk dy’t wy meinimme bygelyks út de âlde jazz, lykas Ella Fitzgerald, Billy Holiday mar ek modernere jazz lykas Fay Claassen en Diana Krall. Fanút de Latin wrâld Joao Basco, mar ek hearlike ‘zwoele’ latino muziek. Fryske favoryt is Jan Tekstra.

Ms T Mar Jazz - Bits dan by my
Ms T Mar Jazz - Bits dan by my

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS