FIDEO: Rene de Jong, Lars Mulder en band – Gjin leafde, gjin libben

René de Jong, Lars Mulder en band spile op Liet 2021 it nûmer Gjin leafde, gjin libben. It nûmer giet oer hoe’t ien him fiele kin nei it ferlies fan in leafde troch skieding of ferstjerren.

En it stiet ticht by de bandleden, fertelt De Jong, dy’t mei Lars Mulder ek it Queen Project docht. “Dêr hienen we in jonge by, Thomas. Dy hie siik west. Waard wer better, mar fan it jier waard er opnij siik en dat hat er net oerlibbe.

It is dus eins foar Thomas.” Lars Mulder skreeau en komponearre it liet. “Hy hat my doe frege om dit by Liet te dwaan”, seit De Jong. “We ha it mei ús twaen ôfmakke.”