FIDEO: Sample Text – Underfining

Pieter Zijlstra fan Koudum is it brein achter Sample Text en hy is op in missy: Fryske hiphop populêr meitsje by de jonge generaasje. Hy hat ‘m ferdjippe yn de Fryske taal, want troch de provinsje prate we allegear ferskate fariaasjes. Mar wat is goed en wat net? Dêroer giet Underfining. Mei it nûmer wûn Sample Text de Tekstpriis op Liet 2020+1.

De bylden binne fan Omrop Fryslân.

De kommende dagen en wiken diele we mear fideo’s fan ôfrûne wykein! Fan de finalisten en fan de crossovers. Dus hâld alle kanalen yn de gaten: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

Foto by dit berjocht: Nico Boersma