Finale LIET 2023: Live-útstjoering troch Omrop Fryslân

De finale Liet 2023 giet los op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert! Acht gloednije akts sille acte de présence jaan. Dêrneist treedt Janneke Brakels op mei de ad hoc band Liet Spesjaal en sil Dani Jellesma, winner fan SjONG 2023, it liet Wa ek mar, sjonge. De presentaasje is yn hannen fan Johanna Brinksma en Willem de Vries befreget de artysten yn de Green Room.

Om 19.00 is de livestream fan Omrop Fryslân beskikber, fia de webside fan Liet. Ast by de útstjoering wêze wolst, kom dan op tiid, de seal yn de Neushoorn giet iepen om 19.00, de live-útstjoering begjint om 19.30 oere.

Der is in online stimming foar it publyk. Dizze stimming giet iepen as alle acht akts optreden ha en it publyk kin dan thús harren stim útbringe fia de stemknop op de homepage fan de webside fan Liet en fia Facebook en Instagram.