Finale Liet 2023 tongersdei 12 oktober

It Fryske sjongfestival wurdt dit jier hâlden op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert, ek dizze kear mei in live-útstjoering op Omrop Fryslân. De live-útstjoering begjint om 19.30 oere.

Janneke Brakels iepent de finale mei in medley fan eardere winners fan Liet. Sy lit har begeliede troch de ad hoc band Liet spesjaal.

Foar de twadde kear sil der in online stimming wêze foar it publyk. Dizze stimming giet iepen as alle acht akts optreden ha en it publyk kin dan thús harren stim útbringe op de webside fan Liet of fia de webside fan Omrop Fryslan.
Dizze publyksstim is it fiifde sjuerylid. De oare fjouwer sjueryleden binne Pieter de Boer (foarsitter), GINGE! alias Renée Rijpstra, Gabrielle Terpstra en Wim Brons.

“Wy sjogge út nei de grande finale op 12 oktober”, seit foarsitter Frans Veltman fan Liet. “Nei in perioade fan tariedings, wurdt it no tiid dat de artysten it poadium pakke en oan Fryslân hearre litte wat se yn harren mars ha. We binne der wiis mei dat de Fryske muzyk libbet. De harker krijt in moai ferskaat oan muzyksjenres en teksten te hearren. Ik soe sizze: kom allegearre nei de finale op 12 oktober”.

De dielnimmende akts binne Melissa Pander, Deun van Seun, Grymtosk, MsT Mar Jazz, Bone of Contention, Samar Watt, De Mann’ en Volk!!

Spesjaal dizze kear is de tekstpriis, dy is ferneamd nei Gryt van Duinen. De sjuery hat út de acht teksten de tekst keazen dy’t him ûnderskiedt kwa orizjinaliteit, humor en aktualiteit.

Dani Jellesma, de winner fan SjONG 2023, sil optrede mei it liet Wa ek mar. SjONG is it frysktalich sjongfestival foar jongeren fan 12 oant en mei 18 jier. Mei it liet Wa ek mar, rekke Dani de sjuery en it publyk rjocht yn it hert!

De winner fan Liet 2023 sil Fryslân en Omrop Fryslân fertstjintwurdigje op it Regiosongfestival op saterdei 4 novimber yn Utrecht. It soe dochs wol in moaie opstekker wêze foar de Fryske taal as de winner fan Liet ék it Regiosongfestival wint.