Finale sjongfestival Liet útsteld troch koroana

De finale fan Liet 2020 yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert giet freed 6 novimber net troch. Troch it tanimmend tal koroanabesmettingen en de nije strange maatregels sjocht it bestjoer fan Liet gjin mooglikheid de finale noch feilich en folweardich te organisearjen. As de situaasje wer ferbettere is, sil in nije gaadlike datum foar it Fryske sjongfestival socht wurde.

“Wy sille alles op alles sette Liet op in letter momint te organisearjen it kommend heal jier”, sa seit foarsitter Gerard van der Veer van Liet. De finale soe al hâlden wurde yn oanpaste foarm sûnder publyk. Fia in jûnfoljende live-útstjoering fan Omrop Fryslân telefyzje koe  elkenien it dochs folgje. Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân en Neushoorn sil Liet op syk nei in nije datum foar de finale. “De dielnimmers hawwe harren sa ynspand de ôfrûne moannen. Liet wol se dat poadium biede dat se fertsjinje”, sa seit Tjallien Kalsbeek fan it produksjeteam fan Liet.

De finalisten binne yntusken bekend. It Fryske publyk hat de ôfrûne twa wiken fia in digitale stimming 2433 stimmen útbrocht. Dat binne der rom mear as ferline jier. Trettjin acts wienen noch yn ‘e race foar in finaleplak. De twa acts mei de measte publyksstimmen binne streekrjocht troch nei de finale. De seis oare finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery, dy’t bestiet út singer songwriter Esther de Jong, radiopresintator Wim Brons en muzykdosint Willo de Bildt.

De twa acts mei de measte publyksstimmen binne Janneke de Boer en Fegebart. Sy hienen tegearre mear as 28 prosint fan de stimmen en binne dêrom troch nei de finale. De oare seis finalisten binne Douwe Dykstra, MOSKEN, Bokke en de Heidehippers, BANT, Volk!! en Sample Text.