Finalisten Liet 2018

En de stimbussen binne ticht! De ôfrûne twa wike wienen alle nominearren te hearren yn de ferskillende radioprogramma’s fan Omrop Fryslân en ha mear as 2000 minsken harren stim útbrocht op ien fan de nominearren foar Liet 2018.

De 10 finalisten waarden moandeitemiddei live bekendmakke op de radio by Omrop Fryslân:
Albert van der Tuin
Astrid en Else
Berend Riemersma
Days To Imagine
Else
Klaske
Lammy Bruyns & Friends
Sequens
Stonecrobs
Toussaint

Alle finalisten krije neist harren optreden yn de finale ek in optreden op ien fan de talentstages fan Friesland Pop. En as dat noch net genôch is, ha wy dit jier in muzikantepriis én in tekstpriis!