Finalisten Liet 2023 bekend

De acht artysten dy’t op 12 oktober yn de finale fan it Frysktalige sjongfestival Liet steane, binne bekend. Se binne keazen troch de seleksje sjuery en troch stimmen fan it publyk, dat online ien wildcard foar de finale fuortjaan koe. Der is massaal stimd, it Fryske liet libbet yn Fryslân!

De artysten dy’t yn Neushoorn spylje meie, binne Melissa Pander, DEUN VAN SEUN, Hille Hiddema, MsT Mar Jazz, Bone of Contention, Samar Watt, De Mann’ en Volk!!

Ien fan de acht wurdt de opfolger fan Adri de Boer dy’t yn april 2021 mei Bliuw mar by my, Liet wûn. De winner fan Liet 2023 hat in primeur want neist dat der yn 2024 nei Liet International ta giet, sil de winner ek Fryslân en Omrop Fryslân fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival yn Utrecht op 4 novimber.

Foar it liet mei de bêste songtekst leit de Gryt van Duinen-tekstpriis klear. Har leafde foar de Fryske taal en spesjaal foar it Frysk Sjongfestival Liet, docht bliken út it legaat wat Liet krigen hat fan Gryt van Duinen. It jout in ekstra tintsje oan de tekstpriis.

It Fryske publyk hat goed 1200 stimmen útbrocht en dêrmei trochjûn wa’t sy yn de finale sjen wolle. De akt mei de measte stimmen stiet streekrjocht yn’e finale. “Moai dat der wer sa’n soad minsken stimd ha”, seit Liet-foarsitter Frans Veltman. “We ha acht hiel ferskate akts, it is in moaie opstekker foar it Frysktalige liet”.

Op 12 oktober steane net allinnich de acht finalisten op it poadium. De winner fan SjONG, Dani Jellesma, sil optrede mei it winnende liet Wa ek mar. Op de jûn sels kin it publyk wer stimme op harren favoryt, sawol yn’e seal as online. De finale is live te sjen by Omrop Fryslân fia telefyzje en online fia de Omrop-app fan 19.30 oere ôf.