Freed: fideogala Liet International

Tsien artysten, tsien talen en tsien lieten. Dat is yn it koart de show fan Liet International 2020+1. Omrop Fryslân stjoert it evenemint út op freed 8 oktober om 21.00 oere.

Foar Liet International hienen tweintich artysten út hiel Europa har pleatst. It evenemint soe al yn april 2020 plakfine yn it Deenske Aabenraa/Apenrade, mar de reden dat dat net trochgongen is, is bekend. Ynhelje yn 2021 slagge ek net.

Tsien taalgebieten

Om de artysten dochs in poadium en it fertsjinne omtinken te jaan, komt Liet dêrom mei in fideogala, wêryn’t tsien artysten út tsien ferskate taalgebieten har muzyk hearre litte.

By de tsien artysten sit it Fryske Sequens, de winner fan Liet 2019 mei it liet ‘Do bist frij’.

Oare artysten op it gala binne Bumbe Orchestra (Sardynsk), Carolina Rubirosa (Galisysk), Die Tüdelband (Platdútsk), Saara Hermansson (Súdsamysk), Juna (Tataarsk), Luis Núñez y los Folganzanes (Asturysk), Roger Argemí (Katalaansk), Turbokrowodn (Burgenlandkroätysk) en Zaman (Basjkiersk).

Muzyk, taal en regio

De tsien artysten presintearje har lieten en prate mei presintator Foppe van der Veen oer har muzyk, har taal en har regio. It is op 8 oktober dus allegear te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online, fan 21.00 oere ôf.

Takom jier is der trouwens ek wer in gewoane edysje fan Liet International. Plak fan hanneling is Tønder, op 13 maaie. Foar Fryslân giet de winner fan Liet 2021, dat op 17 novimber yn Neushoorn holden wurdt, nei Tønder ta.