Ynskriuwing Liet 2018 start mei ‘Workshopdei’

 

De ynskriuwing foar de nije edysje fan Liet stiet wer iepen. Fan hjoed of kinne bands en singer-songwriters har oanmelde foar dit jierlikse Fryske sjongfestival dat dit jier op 13 maaie hâlden wurdt yn Neushoorn yn Ljouwert. Oanmelde kin fia de site www.liet.nl.

Dit jier wurdt in spannende edysje, want de winner fan Liet 2018 giet gelyk troch nei de finale fan Liet International XXL die dit jier op woansdei 23 maaie (10 dagen letter) ek yn Ljouwert hâlden wurdt.

De nije koers fan Liet is rjochte op talintûntwikkeling. Yn gearwurking mei Neushoorn organisearje we op 17 maart in spesjale ‘workshopdei’ wêrop de dielnimmers help en advys fan professionals út it fak krije kinne by it skriuwen, oersetten, of fierder ûntwikkeljen fan it nûmer/liet wer’t se it poadium mei op wolle. De workshops steane ûnder lieding fan Jan Tekstra, bystien troch kollega-professionals út it fak. Nei dizze dei hawwe de dielnimmers noch in pear wike de tiid om in filmke (fideoclip) fan harren nûmer te meitsjen dy’t se foar 6 april ynstjoere moatte, want op dy datum slút de ynskriuwing.

Ek is er dit jier wer in tekstpriis te winnen. Dizze priis sil troch de faksjuery útrikt wurde foar de meast bysûnder tekst. Fansels binne alle teksten skreaun yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen.

Nij dit jier is, dat it publyk in gruttere rol kriget by it bepalen wa’t nei de finale giet. Dat giet sa: de faksjuery makke op 16 april bekend hokker 15 ynstjoeringen goed genôch binne om troch te gean. De filmkes fan dizze nominearren wurde online publisearre sadat it publyk meistimme kin wa’t úteinlik op it finale poadium komt te stean. Want dat kinne der mar 10 wêze.

Omrop Fryslân radio sil yn dy ‘stimperioade’ (16 – 30 april) yn de programma’s De Middei fan Fryslân, Noardewyn live, Sneon yn Fryslân en Snein yn Fryslân rom oandacht oan de nominearren besteegje. Op 30 april wurdt bekend makke hokker 10 dielnimmers trochgeane nei de finale op snein 13 maaie yn Neushoorn.

Skriuw dy no yn foar Liet 2018