Kaartferkeap Liet 2023 úteinset

De kaartferkeap foar de finale fan Liet 2023 is los! It evenemint hat plak yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert op 12 oktober.

Leafhawwers fan Frysktalige muzyk, fan ferrassende acts of fan gewoan in gesellige jûn kinne in kaartsje keapje op de webside fan Neushoorn. Klik hjir  om nei de evenemintpagina ta te gean.

De Liet-finalisten binne Bone of Contention, Ms T Mar Jazz, DEUN VAN SEUN,  Melissa Pander, Samar Watt, Hille Hiddema, Volk!! en De Mann’. Dêrnjonken is der in optreden fan Dani Jellesma, de winner fan SjONG 2023.