Liet begjint ynskriuwing foar finale 2020

Frysk sjongfestival giet 6 novimber troch nettsjinsteande koroana

De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2020 is dizze wike begûn. Muzikanten dy’t meidwaan wolle, kinne foar 1 july in orizjineel liet ynstjoere. It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. Ynskriuwe foar Liet 2020 kin fia de site www.liet.frl. De slutingsdatum is 1 july.

De finale fan Liet fynt dit jier plak op freed 6 novimber yn poppoadium Neushoorn te Ljouwert. Mei der fanwegen koroanamaatregels gjin publyk by de finale oanwêzich wêze, dan wurdt de finale streamd. “It hat fansels ús foarkar dat de dielnimmers spylje kinne foar in folle seal. Mar mocht dat ûnferwachts net mooglik wêze, gean wy der foar soargje dat eltsenien de finale thús folgje kin”, sa seit foarsitter Gerard van der Veer fan Liet.

It sjongfestival hat dit jier ien foarwedstriid. Ut alle ynstjoeringen beoardielet in faksjuery hokker 12 bêste lieten harren hjirfoar kwalifisearje. Nei live-optredens by Omrop Fryslân bliuwe der, mei help fan in digitale stimming ûnder it Fryske publyk, 8 akts oer foar de finale. Twa dêrfan wurde troch it publyk oanwiisd, de oare seis troch de faksjuery. “Wy hoopje nettsjinsteande dizze drege tiid foar de muzykbrânsj op in soad ynstjoeringen”, aldus produksjelieder Tjallien Kalsbeek.

Neist de finalisten trede ûnder Liet ek seis bekende Fryske muzykakts op foar it nij ûntwikkele cross over-programma fan Liet. Yn keppels fan twa gean dizze seis akts nije Fryske lieten skriuwe en opfiere. “Liet is der om it Frysktalige liet te stimulearjen en in poadium te jaan. De wedstriid mei nije Fryske lieten fan jonge muzikanten is noch altiten hiel wichtich. Mar wy wolle ek ferbreedzje en nije saken probearje, sa as bekende Fryske artysten stimulearje mear de Fryske taal yn harren repertoire te brûken”,  neffens Liet-foarsitter Gerard van der Veer.