Liet International 2020 annulearre yn ferbân mei corona virus

De Deenske organisaasje fan Liet International 2020 hat besletten it Europeesk sjongfestival foar regionale en minderheidstalen te annulearjen fanwegen it corona firus. It festival soe op 3 en 4 april hâlden wurde yn it Deenske Apenrade. Nije easken fan it Deenske regear en de sûnensautoriteiten ha de organisaasje lykwols twongen Liet International 2020 te annulearjen. Troch de dielname fan 20 bands en solo-artysten út hiel Europa binne de risiko’s fan fierdere fersprieding fan it firus op dit stuit te grut. De Deenske organisaasje hat it beslút juster yn goed oerlis mei Stifting Liet ‘91 naam. De dielnimmers binne yntusken allegear op de hichte brocht.

“It spyt ús dat wy twongen binne om dit evenemint te annulearjen – sawol foar it publyk, de artysten, ús partners en sponsors en foar ús as organisatoaren. Wy seagen der echt nei út om de 2020-festiviteiten mei dit muzykevenemint te fieren”, sa seit wurdfierder Uffe Iwersen fan de organisaasje. “Wy witte noch net oft wy Liet International 2020 op in letter momint organisearje kinne. Kaartsjes dy’t al kocht binne wurde fansels fergoede.”