Melissa Pander wint Liet 2023; Deun van Seun winner fan de Gryt van Duinen-tekstpriis

Melissa Pander winner fan it Frysk sjongfestival Liet 2023! Fan de acht finalisten krige de band fan Melissa de measte punten fan de fak- en publyksjuery. Deun van Seun wûn de Gryt van Duinen-tekstpriis.

It nûmer wêrmei’t Melissa de finale wûn, hjit ‘Foarby’. “Foarby”, sei Melissa, “giet oer it momint dat ik myn freon moete. En dat ik woe dat dat momint noait mear oer gean soe”. It is in lekker poppy nûmer dat goed yn’t gehoar leit. Melissa sil op 4 novimber Fryslân en Omrop Fryslân fertsjintwurdigje op it allerearste Regio songfestival yn Utrecht.

Op it twadde plak einige Grymtosk mei ‘Mei myn maten yn’e hel’, tredde waard DEUN VAN SEUN mei ‘Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?!’.

De tekstpriis foar de bêste tekst gong nei Deun van Seun mei harren liet ‘Een lied waarut bliekt dat suwel meens as dier graach naar Dokkum riedt, toch?!’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. Kultuerdeputearre Sybe Knol rikte de priis digitaal út. “It is in leuk, fris, orizjineel en grappich nûmer. “Dat de tekst in ferhaal fertelt, is it bewûnderjen wurdich”, seit de sjuery.

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn sette útein mei in medley fan eardere winners fan Liet troch Janneke Brakels mei har Liet Spesjaal begeleidingband. In daverjende iepening fan in geweldige muzykjûn. En wat in ferskaat oan muzykstylen krige it publyk te hearren.

Njonken de acht finalisten wienen der optredens fan SjONGwinner Dani Jellesma mei it prachtige nûmer Wa ek mar en trede Janneke nochris op mei har begeliedingsband.

De folsleine útslach fan Liet 2023:

  1. Melissa Pander, 46 punten
  2. Grymtosk, 31 punten
  3. Deun van Seun, 30 punten
  4. Bone of Contention, 26 punten
  5. Volk!!, 19 punten
  6. Ms T Mar Jazz, 17 punten
  7. Samar Watt, 14 punten
  8. De Mann’, 12 punten

Foto’s: Piet Douma