MOSKEN wint LIET 2020+1; tekstpriis giet nei Sample Text

MOSKEN hat sneon it Frysktalige sjongfestival Liet wûn. Fan de acht finalisten krige de band fan Bert Steeman, Sjoerd van Kammen en Ronald van den Oudenalder de measte punten fan de faksjuery. Sample Text wûn de tekstpriis.

It nûmer wêrmei’t MOSKEN de finale wûn, hjit ‘Leave Lieve’. “It is aktueel”, sei Van Kammen. “It giet oer bern en âlders en weromkomme nei in drege perioade by heit en mem thús.”


Op it twadde plak einige Douwe Dykstra mei ‘Wêr’t ik begjin en do stoppest’, tredde waard Sample Text mei ‘Underfining’.

De tekstpriis foar de bêste Frysktalige tekst gong nei ek Sample Text mei ‘Underfining’. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes rikte de priis digitaal út. “It sit goed ynelkoar, oarspronklik, kreatyf en mei humor”, stie yn it sjueryrapport.

De finale fan Liet yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn – dit jier sûnder publyk – sette útein mei in spektakulêre iepeningsact fan Janneke Warringa. Al sjongende rûn se fan de yngong fan Neushoorn de grutte seal yn. Har nûmer ‘Sjong dan’ wie eins it muzikale motto fan de jûn.

Njonken de acht finalisten wienen der optredens fan trije bysûndere crossover-duo’s, dy’t har nagelnije komposysjes foar it earst útfierden. Dy duo’s bestienen út Iris Kroes & Wander Kars, ZEA & DINA en Huub Prins & Bobby Choco.

De folsleine útslach fan Liet 2020+1:
1. MOSKEN 41 punten
2. Douwe Dykstra 35
3. Sample Text 26
4. Bokke en de Heidehippers 24
4. BANT 24
6. Fegebart 23
7. Janneke de Boer 12
8. Volk!! 10

Foto’s: Nico Boersma