15 acts troch nei de publyksstimming
De sjuery, dy’t bestiet út Pieter de Boer, Denise Rivera, Wim Brons en Christa Niklewicz, hawwe harren earste kar makke út de ynstjoerings foar Liet 2024. It publyk kin fan moandei 3 juny ôf oant sneon 15 juny stimme op harren favoryte act of artyst.
Dizze artysten binne troch nei de folgjende ronde: Sequens, Hannah Hoogsteen, Elise Westerhof, Albert Meijer, André van der Weide, Azem, Sadelrûkers, 2nd Try, Sina Keuning, De Orbs, Pietrik & Trynke, Fegebart, Lotte & Berend, Haitze F. de Vries en Gerben Kooistra.