18 ynskriuwings foar Liet 2024

Foar it Frysk sjongfestival Liet binne dit jier 18 nije Frysktalige lietsjes ynstjoerd. De finale fan Liet 2024 fynt op tongersdei 19 septimber plak yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De bêste acht lietsjes stride dêr om de einoerwinning. 

De kommende wiken sil de seleksjesjuery, dy’t bestiet út Pieter de Boer (muzikant en sûnt koart muzykresinsint), Christa Niklewicz (dichteres), Denise Rivera (sjongeres) en Wim Brons (radiopresintator Omrop Fryslân), út de 18  ynskriuwings de bêste 12 selektearje. De lieten en teksten wurde fan 31 maaie ôf publisearre op de webside fan Frysk sjongfestival Liet (www.liet.frl of www.liet.nl), dêrnei kin it Fryske publyk meidwaan oan de digitale stimming. De act dy’t de measte stimmen fan it Fryske publyk krijt, pleatst him streekrjocht foar de finale. De oare sân finalisten wurde oanwiisd troch de seleksjesjuery.

“Ek dit jier krije de finalisten op ús kosten in sparringsesje mei muzykcoach Janneke Brakels oanbean”, sa seit Liet-foarsitter Frans Veltman. “Dêrneist sil der in soad omtinken wêze yn de provinsjale parse en ferline jier wie der by de finale in protte ynteresse fan ferskate programmeurs fan Fryske muzykfestivals”.

Yn de finale op 19 septimber sil de winner fan ferline jier acte de présence jaan, Melissa Pander sil mei har begeliedingsband in pear gloednije nûmers útfiere.

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS