Coaching troch Janneke Brakels
De finalisten fan Frysk Sjongfestival wurde foarôfgeand oan de finale, coacht troch Janneke Brakels.
As sjongeres en sjongcoach genietet Janneke Brakels enoarm fan wat se by de ein hat. Janneke studearre oan de Pabo yn Ljouwert en oan it Konservatoarium yn Rotterdam en hat fan har passy har wurk makke. Se set har stim it leafst op safolle mooglik ferskillende wizen yn; sjongend, sprekkend (as voice-over of presintatrise), skriuwend of coachend.
Mei û.o. de formaasje ‘Lady Lights’ stiet se sels geregeld op ‘e planken en dêrneist jout se Stimtrainings oan beropssprekkers fia ‘Het Stemlokaal’.
Mei de koarte foarstellings foar jonge bern giet se by in soad biblioteken en berne opfangplakken del.
Yn tolve jier boude se sjongskoalle Zangles Friesland-Groningen op, dy’t se yn de simmer fan 2023 ferkocht. Sa krige se mear tiid om har earste berneboek te skriuwen.
It coachen fan Liet-formaasjes is foar Janneke alle jierren wer in feestje. Sels wûn se Liet yn 2010 mei de band ‘Equal Souls”.