Regio Songfestival 2024 yn Maastricht

Op 4 novimber 2023 fûn it allerearste Regio Songfestival plak yn de Stadsschouwburg fan Utrecht. In primeur fan in prachtich festival dêr’t alle 13 regionale omroppen de hannen foar gearslein ha om der in tige slagge jûn fan te meitsjen. En dat wie it seker. De winner fan dy edysje wie sjongeres Emmy Ackermans dy’t útstjoerd waard troch L1, provinsje Limburg. Dêrom sil de twadde edysje fan it Regio Songfestival op saterdei 9 novimber oan it Vrijthof yn Maastricht plakfine. Ek dit jier sille alle omroppen in eigen foarronde hâlde om de finalist te selektearjen. De foarm ferkilt. De kritearia bliuwe itselde, wêrby’t de finalisten nûmers (foar it grutste part) yn it Nederlânsk of yn in streektaal sjonge. Se meie noch gjin Top 40-notearing hân ha en it nstjoerde nûmer mei noch net earder útbrocht wêze. Mear ynformaasje oer it Regio Songfestival, it reglemint en de edysje fan 2023 is te finen op regiosongfestival.nl. Foar Omrop Fryslân sil Frysk Sjongfestival Liet ek dit jier de foarronde organisearje. De winner sil Liet en Omrop Fryslân fertsjintwurdigje yn Maastricht!

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS