Hoe giet it mei de winneres fan Liet 2023

Melissa Pander hat yn oktober 2023 de finale fan Liet 2023 wûn, mei har seiskoppige band brocht se har selsskreaune liet Foarby op ‘e planken. Har optreden makke yndruk by sawol de juery as de publyksjuery. Nei de finale fan Liet waard Melissa gauris frege foar allerhande optredens yn benammen de Fryske media. In ynterview hjir, in optreden dêr. Har earste wapenfeit nei it winnen fan de finale wie it meidwaan oan it gloednije Regio Songfestival yn de Stadsschouwburg fan Utrecht. Hjir helle se in hiel knap fiifde plak mei in prachtich optreden. It wie in ûnderfining om nea wer te ferjitten. Melissa seit dat se troch Liet allerhande oanbiedings krige, sa hat se optreden mei de tributeband Gloria’s Soundmachine en stie se fuortdaliks yn de top 10 fan de Fryske top 100. Yn 2024 stiet se op poadia fan Aaipop, Heechspanning en Hjoed yn it Park yn Frjentsjer. Yn maart 2024 fleure se Froubeurs yn WTC Expo op. Liet 2023 hat foar in protte hichtepunten soarge, dêrneist hat it der foar soarge dat se no skriuwt en sjongt yn har memmetaal. Dat is har sa goed befallen dat se dêr seker mei trochgiet. Se hat in protte hiele positive reaksjes krigen, út har eigen fermidden mar ek fierder út Fryslân wei. Se hat mei har band en optredens jonge minsken berikke kinnen en de Fryske popkultuer oantrúne.

Partners

LIET WURDT MEI MOGELIK MAKKE TROCH ÛS PARTNERS