Noch twa wiken foar ynstjoering Liet 2023

De slutingsdatum foar Liet 2023 komt tichterby. Tiisdei 1 augustus slút de ynskriuwing! Liet ropt artysten op om harren komposysje yn te leverjen fia de site www.liet.frl. Sa’t al earder oankundige is, sil nei ien foarwedstriid, 8 ynstjoerings trochgean nei de grutte finale op 12 oktober yn de Neushoorn yn Ljouwert. It wurdt in machtich moai barren wêr’t de Fryske taal én nije muzyk in poadium krije. De winner giet troch nei it Regio Festival yn de Stadsschouwburg yn Utrecht en Liet International 2024.