Noch twa wiken om yn te skriuwen foar Liet 2024

De slutingsdatum foar Liet 2024 komt tichterby. Woansdei 1 maaie slút de ynskriuwing! Liet ropt artysten op om harren komposysje yn te leverjen fia de site www.liet.frl. Sa’t al earder oankundige is, sil nei ien foarwedstriid, 8 ynstjoerings trochgean nei de grutte finale op 19 septimber yn de Neushoorn yn Ljouwert. It wurdt in machtich moai barren wêr’t de Fryske taal én nije muzyk in poadium krije. De winner giet troch nei it Regio Festival yn it Theater aan het Vrijthof te Maastricht en fertsjintwurdigt Omrop Fryslân en Liet.