Winner Liet sil Fryslân fertsjintwurdigje yn finale Regio Songfestival

Frysk sjongfestival Liet sil mei Omrop Fryslân gearwurkje om te kommen ta in artyst dy’t Fryslân fertsjintwurdigje mei op it Regio Songfestival yn Utrecht. In evenemint dat no al folop lanlike bekendheid krijt. De earste edysje fan it Regio Songfestival hat plak op sneon 4 novimber yn de Stadsschouwburg yn Utrecht. It ynstjoeringstermyn fan Liet ferskoot mei de gearwurking nei 1 augustus wêrtroch’t elkenien langer de kâns krijt om in liet yn te stjoeren.

Regio Songfestival

Omrop Fryslân en tolve oare regionale omroppen organisearje mei-inoar it Regio Songfestival. Eltse omrop kin in eigen kandidaat oanleverje. De 13 ynstjoeringen stride om de winst yn in grut live- optreden. De ynstek is om de dielnimmers yn de streektaal sjonge te litten. Dy talen fertsjintwurdigje nammentlik de eigenheid fan de regio. De gearwurking tusken Omrop Fryslân en Liet is dêrmei in logyske set sizze foarsitter fan Liet Frans Veltman en einredakteur Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân: “Troch de gearwurking wolle we besykje it Fryske liet nei in heger nivo te tillen. Dielnimming fan de Fryske winner oan it Regio Songfestival en it optreden op in poadium dat lanlik op telefyzje en online te sjen wêze sil, kin in grutte ympuls jaan oan it Frysk liet. It soe geweldich wêze dat in Fryske dielnimmer úteinlik it festival yn Utrecht wint en lanlik by de regionale en lanlike stjoerders te hearren is. We hoopje dat dit Fryske artysten ferliede sil om mei te dwaan oan ús eigen Liet 2023 yn oktober.”

Oanmelde foar Liet én it Regio Songfestival

De finale fan Liet sil plakhawwe op tongersdei 12 oktober yn poppoadium Neushoorn. Mei dy nije, en dus eardere, datum is mear romte oant de finale fan it Regio Songfestival. Oanmelde foar Liet kin hjir en is noch mooglik oant 1 augustus. De finale fan Liet wurdt live útstjoerd op telefyzje by Omrop Fryslân. De úteinlike winner wurdt bepaald troch in profesjonele sjuery en it publyk.