Skriuw dy no yn foar Liet 2024

Op 19 septimber 2024 organisearje wy wer in nije edysje fan Liet. Do kinst dy no hjirûnder ynskriuwe. Doch dat wol foar woansdei 15 maaie. Dan slút de ynskriuwing en sil de seleksjesjuery sjen hokker 12 kandidaten trochgean nei de foarronde.

Dy foarronde bestiet út in digitale stimmerij troch it besjen fan jim ynstjoerde fideo-opnames. It liet mei de measte stimmen giet streekrjocht troch nei de finale op tongersdei 19 septimber. De seleksjuery wiist de oare 7 akts oan.

Lês foar de ynskriuwing hjir it reglemint troch. Hjirûnder kinst dy ynskriuwe

Oanmelde Liet 2024

  • By foarkar sûnder rjochten, oars namme fan fotograaf op de foto pleatse (wy pleatse dy der net apart by). Max 2MB
  • :
    (Max 3,5 min.)
  • (Max 1 MB)
  • Dit hoecht gjin studio-kwaliteit te wêzen, mar moat de seleksjesjuery wol in goed byld jaan. Opname yn landscapeformaat (Max. 60MB)