FIDEO: Huub Prins & Bobby Choco – Gouden reinbôgen

Spesjaal foar Liet ha Huub Prins (yn it echt Elias Elgersma) en Bobby Choco (Roy Veenstra) de gearwurking socht.

De twa koenen elkoar al goed. “We ha hjir en dêr wolris wat oan it prutsen west”, sa omskriuwe se it. “En dêr binne we eins gewoan mei trochgong.”

Yn Neushoorn spilen se op Liet 2020+1 dit nûmer, ‘Gouden reinbôgen’.

De bylden binne fan Omrop Fryslân.

Sjoch foar mear fideo’s fan Liet 2020+1 (finalisten en crossovers) op al ús kanalen: YouTube, Instagram, Facebook, Twitter en fansels de webside.

De ynskriuwing foar Liet 2021 is yntusken iepen! Meidwaan? Meld dy hjir.