Trettjin dielnimmers troch nei de twadde omgong fan Liet 2023

De nammen fan de trettjin dielnimmers die trochbinne nei de twadde omgong, binne bekend.
Hjir komme se!

BANT: Brommer yn de nacht
Bone of Contention: Ljocht is fuort
Days to Imagine: Dit is dyn liet
De Mann’: Mei dy
De Poolwachters: It Lân fan de Trije Ljochtsjende Fjoertuorren
Deun van Seun: Dokkum Liet
Hille Hiddema: Mei myn maten yn’e hel
Melissa Pander: Voorby
Ms T Mar Jazz: Bist dan by my
Partour: Wurden
Samar Watt: Coaches
Sequens: Fiel dy lykas de maitiidswyn
Volk: Dûnsje

De sjueryleden Pieter de Boer (foarsitter), Gabrielle Terpstra, GINGE en Wim Brons ha út 18 ynstjoerings, 13 akts selektearre. It publyk kin fanôf 4 septimber stimme op ien fan dizze akts. Mei dyn stim kinst der foar soarchje dat dyn favorite liet troch giet nei de finale op 12 oktober yn’e Neushoorn. Klik hjir https://liet.frl/publyksstim-liet-2023/ en stim!

“Ek dit jier is der wer in soad ferskaat wat ynstjoerings oanbelanget, neffens Liet-foarsitter Frans Veltman. “Der binne akts dy’t komysk binne, boyband-achtige akt, poëtyske teksten, der is klienkeunst mar ek metal. Der falt wat te kiezen!”

Yn’e kommende wiken sil der fia Omrop Fryslân, sosjal media en dizze webside omtinken jûn wurde oan’e dielnimmers en binne de lieten te belústerjen.