Ynskriuwing foar Liet 2021 langer iepen

Artysten dy’t meidwaan wolle oan it Frysktalige sjongfestival Liet, ha noch oant 1 septimber om har oan te melden. Uteinlik dogge acht artysten mei oan it evenemint yn Neushoorn yn Ljouwert, op woansdei 17 novimber.

Om jim dêr goed op tariede te kinnen, fersoargje wy yn de oanrin nei 17 novimber noch in workshop foar alle selektearren. Dêr krije jim letter mear ynformaasje oer.

Lês foar de ynskriuwing hjir it reglemint troch.