Ynskriuwing Liet 2024 is iepene!

De ynskriuwing foar it Frysk sjongfestival Liet 2024 is dizze wike iepene. Muzikanten dy’t meidwaan wolle, kinne foar woansdei 1 maaie in orizjineel liet ynstjoere. It liet moat yn it Frysk of yn in Fryske streektaal skreaun wêze. Ynskriuwe foar Liet 2024 kin fia de site www.liet.frl. Hjirmei is de saneamde ‘call for songs’ fan start. 

De finale fan Liet fynt plak op tongersdei 19 septimber yn poppoadium Neushoorn te Ljouwert. 

It sjongfestival hat ek dit jier ien foarwedstriid. Ut de ynstjoeringen beoardielet in faksjuery hokker 12  lieten harren hjirfoar kwalifisearje. Fan dizze 12 kandidaten wurde filmkes op de webside fan Liet pleatst en it publyk kin hjir op stimme. It liet mei de measte stimmen giet streekrjocht troch nei de finale fan Liet 2024. De seleksjesjuery wiist 7 acts oan foar de finale fan Liet 2024. “Wy hoopje ek dit jier wer op in soad orizjinele en leuke lieten. Wy soargje tegearre mei Omrop Fryslân wer foar in puike edysje fan Liet”, seit produksjelieder Christel Pieper.

Neist de 8  finalisten trede ûnder Liet ek in oantal bekende Fryske muzykakts op. De winner fan Liet 2024 fertsjintwurdigt Fryslân yn novimber 2024 op it Regiosongfestival, dit jier organisearre yn Limburg. “In moaie útdaging foar Fryske artysten om mei te dwaan oan Liet en as winner Fryslân te fertsjintwurdigjen op it lânlik poadium”, neffens Liet-foarsitter Frans Veltman.